Palmiscno ferlit de Flyers

24 maaie 2006 - 17:31

IIshockeyer Tyler Palmiscno ferlit de Vadeko Flyers út Hearrenfean. De 26- jierrige oanfaller giet nei de Eppan Pirats út Itaalje. Palmiscno wie fan grutte wearde foar de Flyers. Twa jier lyn waard er topskoarer fan Nederlân.

It ferlies fan Palmiscno is de twadde klap foar de Flyers dizze wike. Earder tekene de Tsjechyske ferdigener Petr Kratny in kontrakt yn Frankryk. It bestjoer fan 'e Flyers hie graach mei beide manlju fierder wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)