Palet: koart pleit oer webside

11 okt 2005 - 14:03

Palet set it koart pleit troch tsjin de meiwurkers dy't de soarchynstelling derfan beskuldigje net goed om te gean mei legionella-besmettings. Dat hat de ynstelling moandei besletten nei oerlis mei de belutsen meiwurkers. Sy wegerje de beskuldigingen, dy't se op in webside setten ha, werom te nimmen.

Palet hie easke dat de webside út de loft helle wurdt. De meiwurkers binne net fan doel om dat te dwaan, sa hawwe se de direksje witte litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)