Palet Huisman werom fûn

29 jan 2007 - 21:58

It skilderspalet fan de ferneamde Warkumer skilder Jopie Huisman is werom fûn en krijt in eareplakje yn syn museum.

Huisman ferstoar yn 2000. It palet hat lang yn it museum lein, mar rekke wat út sicht. Museummanager Jan Stedehouder fûn it wêrom. Op dat palet ha him yn de rin fan Huisman syn skilderskarriêre hiele bergen ferve sammele, sadat je hast oer in mini-lânskipke prate kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)