Palet biedt 55-plussers service

25 okt 2004 - 16:45

Soarchynstelling Palet begjint tiisdei mei in nije service-organisaasje mei de namme DienstenPalet. 55-plussers dy't selsstannich wenje yn Ljouwert of de regio Noardwest-Fryslân kinne fan de ekstra help gebrûk meitsje. It giet dan om stipe by saken as de tún, de administraasje of it hûs skjinmeitsje.

Nettsjinsteande dat oare ynstellings deselde tsjinsten oanbiede, lykas Noarderbreedte mei Nynke, tinkt Palet dat der noch wol romte op 'e merk leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)