Palestynske priis foar Sikke Marinus

25 des 2014 - 17:32
  • Sikke Marinus kriget ûnderskieding yn Beit Sahour yn Palestina

Sikke Marinus út Nij Beets hat de Citizen Award fan de gemeente Beit Sahour yn Palestina krige. Beit Sahour is de partnergemeente fan Opsterlân. Marinus krige fan de boargemaster in kaai fan oliifbeamhout omdat er in soad dien hat foar de gearwurking tusken de twa gemeenten.

Beit Sahour is in kristlike enklave yn islamitysk gebiet. It leit net fier fan Betlehim. Marinus hâlde tafersjoch dêr by de gemeenteriedsferkiezings yn 2005. Hy set him boppedat yn foar minsken dêr mei in ferstanlike beheining en foar earlike hannel út dat gebiet wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)