Palestynske flagge yn Jorwert

08 jul 2002 - 00:00

De Palestynske flagge hinget yn Jorwert. De flagge fan frou Duisenberg makket in toernee troch Nederlân. De frou fan topbankman Duisenberg hie de flagge as symboal oan har balkon hong. Se woe omtinken foar it Palestynske folk. Dêr kaam krityk op.

Yn Jorwert hinget de flagge de kommende twa wiken op ferskate plakken. De ynwenners binne op de hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)