PAL wol Escherplein yn Ljouwert

10 des 2004 - 10:58

PAL/Grienlinks hat in plan lansearre foar in Escherplein yn Ljouwert. It dak fan de noch te bouwen parkeargaraazje op it Aldehoustertsjerkhôf soe de namme Escherplein krije moatte. De ferneamde grafikus M.C. Escher waard flakby de Aldehou berne.

Op it plein soe, yn 'e fyzje fan Grien Links, wetter stean moatte om te boartsjen of te reedriden. Yn it ûntwerp foar it plein soe ek in motyf fan Escher ferwurke wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)