PAL: "Beweechbere Prins Hendrikbrêge kin folle goedkeaper"

30 jun 2015 - 07:44
  • De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is no in fêste brêge

De plannen foar it beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert kinne folle goedkeaper as tocht. Dat sei Piet van der Wal fan PAL/GrienLinks yn de Ljouwerter gemeenteried. Trochdat it middelste part fan de brêge net ferfongen hoecht te wurden en âlde dielen fan de brêge brûkt wurde kinne by it meitsjen fan in beweechbere brêge sille de plannen folle goedkeaper útfalle, sa tinkt de partij.

It plan kostet sa'n 2,5 miljoen euro. Dat is 30 oant 40 persint goedkeaper as in folslein nije brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)