Pakt op 'e Weaze foar heling

28 des 2006 - 10:30

De plysje hat woansdei op de Weaze yn Ljouwert in 52-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan heling. Aginten seagen dat de man in tas mei ynhâld ferkeapje woe oan foarbygongers. Yn dy tas siet in klopboarmasine.

Omdat de man net útlizze koe wêr't it apparaat weikaam, waard er oanhâlden op fertinking fan heling. It guod is yn beslach nommen. De plysje docht ûndersyk nei de herkomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)