Pakt nei wylde achterfolging

18 jan 2007 - 10:54

In autobestjoerder (29) út Easterwâlde is nei in wylde achterfolging oppakt troch de plysje. Yn Oerterp hie er mei in izeren staaf swaaid en wie er dêrnei útnaaid. De plysje moast betiden 150 km yn 'e oare ride om him by te hâlden. Yn Sigerswâld botste de man mei syn auto op in beam.

Mei ferwûnings oan it gesicht is de man nei it sikehûs brocht. Dêr moast er ek in bloedproef dwaan foar drank. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)