Pakt nei 170 op Wâldwei

13 maaie 2007 - 15:38

In 44-jierrige Ljouwerter moast sneon syn rydbewiis ynleverje by de plysje. De man ried slingerjend op de Wâldwei, betiden mei in gong fan 170 km yn 'e oere. De plysje hie de grutste muoite de man te pakken te krijen. Uteinlik koe er oan 'e kant set wurde. Dêr die bliken dat er te folle dronken hie. Hy krige in rydferbod fan 10 oeren.

Op de A7 by Skarsterbrêge is sneon in dronken Poal fan 'e dyk helle. Hy krige in rydferbod fan 13 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)