Pakt mei twa flessen ghb

11 okt 2012 - 09:52
  • GHB

In 21-jierrige ynwenner van Langsweagen is woansdeitemiddei op It Hearrenfean oppakt mei twa flessen ghb. In plysje seach de man ûnder ynfloed rinnen oer de Dimpte Molewyk. By ûndersyk die bliken dat er twa flessen mei de floeistof ghb yn syn rêchsek hie.

De man is meinaam nei it plysjeburo. Dêr krige er in boete. De flessen mei ghb binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)