Pakt foar fernielerij gemaal

01 maaie 2008 - 15:03

Yn Feinsum binne fiif jonges fan fjirtjin jier oanhâlden, omdat se oan it fernielen west hiene by it gemaal. Omwenners kamen_harren_oer_it_mad. Se skeakelen de plysje yn. Doe´t dy kaam, wiene de jonges krekt fuortfearn yn in boatsje. Mei in boatsje fan in buertbewenner koe de plysje achter har oan om se oan te hâlden.

De jonges binne meinaam nei it buro. Dêr is prosesferbaal tsjin harren opmakke. De âlden hawwe de jonges dêrnei ophelle fan it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)