Pakt foar ferbean wapenbesit

29 feb 2012 - 11:18
  • Pistoal

De plysje hat tiisdei twa minsken oppakt yn ferbân mei ferbean wapenbesit. Yn in auto dy't yn Brantgum fuortsleept wie nei in iensidich ûngelok fûn de plysje in kûgelgewear mei munysje en in lûdsdemper. By de eigner (47) út Holwert fûn de plysje ek noch in booch mei pylken, in luchtdrukwapen en munysje.

By in man (31) út Snits fûn de plysje ek in kûgelgewear. Fan beide manlju binne de wapens yn beslach nommen en der is proses-ferbaal tsjin har opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)