Pakt foar bedriging en wapen

12 mrt 2013 - 10:47
  • Plysje-embleem

In 23-jierrige ynwenner fan Feanwâlden is moandeitejûn oppakt op fertinking fan bedriging en ferbean wapenbesit. Fia oaren hie er syn eks-freondinne slim bedrige. Omdat der mooglik sprake wie fan in fjoerwapen, besleat de plysje de man op te pakken.

Yn de wenning fan de fertochte fûn de plysje in luchtbuks mei munysje. De fertochte sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)