Pakket St.Anne ûnskealik makke

14 feb 2014 - 16:50
  • Fertocht pakket yn Sint Anne

De plysje hat de Grietmanstrjitte yn Sint Anne wer frijjûn. Freedtemoarn waarden 16 apparteminten ûntromme fanwege in fertocht pakketsje. Dat wie besoarge by ien fan de bewnners. Plysje en EOD namen gjin risiko's, ek fanwege de achtergrûn fan de man dy't it pakket krige. Hy waard der earder fan fertocht dat er de gevel fan it hûs fan syn eks-freondinne yn brân stutsen hie.

Twa bomferkenners binne ferskate kearen it appartemint yn gien om ûndersyk te dwaan. Sy hawwe it pakket ûnskealik makke.

De 21 bewenners fan de 16 apparteminten binne freed op it gemeentehûs opheind. Sy kinne no wer nei harren appartemint werom. De plysje hat noch net bekend makke wat der krekt yn it fertochte pakket siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)