Pakket foar earme Ljouwerters

24 des 2008 - 15:48

Yn Ljouwert krije goed 300 minsken dy't finansjeel net goed rûnkomme kinne in krystpakket. Dizze pakketten komme fan in groep kristlike Ljouwerters dy't foar de fjirde kear op rige sa'n aksje organisearje.

Dit jier wie it in grut súkses. Noch net earder wurdt sa'n grutte groep bliid makke mei in kado foar de feestdagen. Der binne dit jier ekstra minsken ynset om te helpen. De pakketten wurde ôfjûn oan ynstânsjes dy't foar de fersprieding soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)