Pakkâns fiskstreupers grutter troch nije oanpak

03 feb 2015 - 12:10
  • Alle ûnderdielen fan fisk kinne je brûke, sizze de fiskers

It team miljeu fan de plysje set swierdere middels yn om fiskstreupers te pakken en ôf te skrikken. In pear jier werom is de wet feroare wêrtroch it fiskstreupen gjin ekonomysk delikt mear is, mar in misdriuw. Dat jout folle mear earmslach om middels lykas it ôftaapjen fan tillefoans yn te setten, mar ek om de fertsjinsten yn beslach te nimmen middels de saneamde 'pluk ze' wetjouwing.

Dat betsjut dat net allinnich jild, mar ek saken lykas auto's yn beslach naam wurde kinne. Dat moat fiskstreupers ôfskrikke.

De nije oanpak betsjut ek dat de plysje minder yn it fjild en mear achter it buro dwaande is. Neffens sjef Eric Zantingh is de pakkâns no wol grutter wurden. Dat de plysje folle minder sichtber reagearret op tips is wol in neidiel. Tipjouwers sjogge dan net mear wat der mei harren ynformaasje gebeurt. En de plysje is wol hiel ôfhinklik fan dy tips.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)