Pake en beppe: 20.000 besikers

22 feb 2013 - 15:56
  • Waadgebiet neimakke yn natuermuseum

Hast 20.000 bern hawwe de ôfrûne dagen yn Fryske musea west. Sy koene op fertoan fan in pake of beppe fergees nei ien fan de 37 musea dy't meidiene oan de aksje "Help Pake en Beppe de fakânsje troch".

It natuermuseum yn Ljouwert wie it populêrst mei 7500 besikers. Under oare de eksposysje LeeuWADDEN luts in soad publyk. Mar ek it skipfeartmuseum yn Snits en it lânboumuseum yn Earnewâld krigen in protte besikers oer de flier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)