Paden ticht by Appelskea

07 jul 2013 - 12:24
  • Appelskea

Yn it Drents-Friese Wold binne de kommende oardel wike stikken fan de ATB- en ruterpaden ôfsletten. Dat hat te krijen mei de fakânsje-spultsjewiken foar bern, dy't by it besikerssintrum by Appelskea hâlden wurdt. Der binne wol omliedings foar de fytsers en de hynderriders.

De maatregels jilde yn de perioade fan moarn oant en mei 20 july. Der dogge hûnderten bern mei oan de jierlikse fakânsjespultsjewiken yn de gemeente Eaststellingwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)