Paddy O´Ryan is ferkocht

02 feb 2009 - 15:11
  • Paddy O Ryan yn ´e Ljouwerter binnenstêd

De Ierske pub Paddy_O´Ryan yn Ljouwert sil nei de simmer ferhúzje. Eigner Baukje_de_Vries hat it gebou fan har kafee oan It Gouverneursplein ferkocht oan twa ûndernimmers.

De Vries seit dat de twa har in goed bod diene foar it gebou dêr´t O´Ryan mear as tsien jier lang yn sitten hat. Se wol op in oar plak yn Ljouwert in nije start meitsje mei Paddy O´Ryan. Watfoar lokaasje dat krekt wurdt, is noch net bekend. Yn it âlde gebou fan ´e pub komt in oare hoarekasaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)