Paadwizers yn Tjongerskâns

10 mrt 2011 - 10:06
  • Sa sjocht de plattegrûn der út

Minsken dy't nei sikehûs de Tjongerskâns moatte kinne tenei al op ynternet de bêste rûte nei de ôfdieling of keamer fine. De rûte wurdt sjen litten mei in plattegrûn.

Om derfoar te soargjen dat minsken net de ferkearde ôfslach nimme binne der foto's makke fan herkenbere punten yn it sikehûs. Dizze binne taheakke oan de plattegrûn. It programma is ûntwikkele troch in ûntwerpburo fan Utert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)