Paad frij foar HT-race

02 maaie 2007 - 20:27

De sânbank by it Schuitengat by Skylge sil net foar problemen soargje by de jierlikse sloepenrace tusken Harns en Skylge. Dat ferwachtet de organisaasje fan de HT-race. Der is genôch jild ynsammele om de grutte sânbank by it Schuitengat fuort te spuitsjen.

Sûnder aksje soene de 130 sloepen fêstrinne. Tiisdei is begûn mei it slochtsjen fan de sânbank. Op freed 18 maaie wurdt de 33-ste edysje fan de HT-race hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)