OZB Achtkarspelen fiks omleech

04 feb 2005 - 10:08

De ûnreplik saakbelesting yn de gemeente Achtkarspelen giet mei 30 persint omleech. Dat wol it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De taksaasje-wearde fan wenten yn de gemeente Achtkarspelen is mei goed 50 persint omheech gong.

Dat betsjut dat der by de gemeente hiel wat mear jild binnen komt út de ûnreplik saakbelesting. It kolleezje fynt dêrom dat dy belestingtarieven dit jier mei 30 persint omleech kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)