Owusu-Abeyie set punt efter staazje by SC Cambuur

10 feb 2016 - 19:57
  • Quincy Owusu-Abeyie

Fuotballer Quincy Owusu-Abeyie komt definityf net by Cambuur. De 29-jierrige Nederlânske-Ganeeske oanfaller hat op eigen inisjatyf in punt set efter syn staazje by de Ljouwerter klup. Hy is net fit genôch, fynt er sels.

Owusu-Abeyie wie sûnt twa wike op proef by Cambuur. Henry van der Vegt, technysk direkteur by Cambuur, hie earder al witte litten dat hy gjin echte potinsje seach yn de oanfaller.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)