Oven net ticht, polityk lilk

13 maaie 2011 - 15:03

De SP en Frisse Wind yn Harlingen binne lilk oer it beslút fan de provinsje om de ôffaloven net stil te lizzen. Se fine it skandalich dat it Harnzer kolleezje him derby delleit.

Yn in brief oan de provinsje trune beide partijen oan op hanthavening. Boppedat hawwe se wurknimmers yn de haven warskôge neidat kraanwurkers siik waarden fan de reek út de skoarstien. Blykber moatte der earst deaden falle foardat de provinsje wat docht, stiet op de site fan de SP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)