Oven Harns leit stil

04 jun 2011 - 09:37

De REC yn Harns leit nei in steuring yn it bestjoeringssysteem fan de ôffaloven foarearst stil. De provinsje sil bepale wannear't de oven wer oan mei. Tafersjochhâlders fan de provinsje kontroleare de oven.

Dy mei net earder oan as wannear't de steuring oplost is. Meiwurkers fan leveransier Siemens binne drok dwaande mei de steuring. Troch de steuring ûntstie der in reekplom. Neffens Omrin gie it om stoom dat ôffierd wurde moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)