"OV-chipkaart as app"

15 okt 2014 - 12:30

De OV-chipkaart moat klantfreonliker wurde en it moat mooglik wurde om mei in app op de mobile tillefoan yn trein en bus te beteljen. Dat seit wurdfierder Roos Zevenboom fan Arriva as reaksje op fûle krityk yn de Twadde Keamer op de OV-chipkaart.

De Twadde Keamer praat tongersdei oer it funksjonearjen fan de OV-chipkaart. It parlemint is bysûnder kritysk, in mearderheid yn de Twadde Keamer soe sels ôf wolle fan de kaart sa't dy op dit stuit bestiet. Neffens de wurdfierder fan Arriva binne de measte fan har reizigers tefreden oer de kaart.

It wurdearringssifer foar de kaart leit by Arriva boppe de 7 en it tal klachten is oan it ôfnimmen. Ferbetterje en trochûntwikkelje leit mear foar de hân as ôfskaffe, seit Arriva.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)