Outlet wykein yn WTC Expo

12 jul 2013 - 09:51

WTC Expo Ljouwert komt mei in nij inisjatyf. Yn oktober is foar de earste kear it Outlet-weekend. Dat is in beurs foar brûkte boaten, campers, caravans en weinen yn trije ferskillende hallen. Sawol partikulieren as ek ûndernimmers kinne guod ynbringe.

Neffens de inisjatyfnimmers is der genôch animo foar en sille de prizen skerp wêze. Der wurde sa'n 15.000 besikers ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)