Outdoor-fitness Skarsterbrêge

26 aug 2014 - 14:09
  • Yn Skarsterbrêge kin tenei bûtendoar oan fitness dien wurde

Yn Skarsterbrêge wurdt sneon in fitnesspark bûtendoar iepene, dat is in primeur foar Noard-Nederlân. It fitnesspark is frij en fergees tagonklik. Minsken dy't der gebrûk fan meitsje kinne fia in applikaasje op de telefoan de resultaten byhâlde. Fia dy app kinne ek ynstruksjefilmkes besjoen wurde.

It inisjatyf is fan Pleatslik Belang fan Skarsterbrêge mei finansjele stipe fan de gemeente De Fryske Marren, de provinsje, de Rabobank en de Stichting Westermeer. Sneontemiddei is de offisjele iepening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)