OudHarlingen tsjin sâltwinning

26 sep 2014 - 14:56

De feriening Oud Harlingen hat in advokaat yn de earm naam om te sjen wat se juridysk noch ûndernimme kinne tsjin de sâltwinning foar de haven fan Harns. De feriening dy't him bekroadet om de monuminten yn Harns is benaud dat der skea oan de huzen yn de binnenstêd ûntstean sil. Se fynt dat der net genôch garânsjes jûn wurde dat de foarnommen sâltwinning gjin skea opleverje sil.

Ek oare organisaasjes ha al protestearre tsjin de sâltwinning yn see. Ek de Waadferiening ûndernimt juridyske stappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)