Otto Clantskoalle yn Boksum striidt foar behâld

18 maaie 2015 - 23:03
  • Otto Clantskoalle yn Boksum

Alden komme yn aksje foar it behâld fan de Otto Clantskoalle yn Boksum. De skoalle wurdt mei sluting bedrige. Neffens ûnderwiisgroep Fier binne der takom jier mei 27 bern te min learlingen. Fier hantearret in ûndergrins fan minimaal 35 skoalbern.

De âlden fan de skoalle yn Boksum binne poer, want de skoalle docht it hiel goed. Fier brûkt de skoalle wol gauris as foarbyld fan hoe't it moat. Sa hat de skoalle it predikaat 'trijetalich plus' krige en wurdt der ûnderwiis jûn op de tablet.

De âlden fan de Boksumer skoalle komme yn aksje tsjin de driigjende sluting. De kommende tiid sille sy besykje nije learlingen te finen, benammen yn Ljouwert. Slagget it allegearre net, dan moat de skoalle yn Boksum yn 2016 ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)