Otto Clantskoalle yn Boksum bliuwt langer iepen

22 mrt 2016 - 19:12
  • Otto Clantskoalle yn Boksum

De oankundige sluting fan de Otto Clantskoalle yn Boksum is in jier opskood. Yn oerlis mei ûnderwiisorganisaasje Fier is besletten dat de skoalle yn alle gefallen noch oant augustus 2017 iepenbliuwe kin.

Dat wol net sizze dat de Otto Clantskoalle yntusken wol oan de minimumnoarm fan 35 learlingen foldocht. Fier sjocht lykwols no dochs mooglikheden om troch in eventuele fúzje mei oare basisskoallen yn de omkriten, it ûnderwiiskonsept fan de Otto Clantskoalle foar de takomst te behâlden.

Om ekstra skoalbern oan te lûken hâldt de skoalle moarn in iepen dei. Op dit stuit telt de skoalle 31 learlingen. De basisskoalle yn Boksum, in saneamde trijetalige skoalle, fiert as alles goed giet yn 2017 har 125 jierrich bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)