Ottjes nije direkteur Tûmba

06 jun 2011 - 15:54

Brenda Ottjes wurdt de nije direkteur fan Tûmba. Se folget Ate de Jong op, dy't him mear dwaande hâlde wol mei fernijende projekten. Ottjes wurket al foar Tûmba en wurke derfoar as dosint op it AOC yn Ljouwert.

Ottjes wol har de kommende jierren foaral dwaande hâlde mei it fersterkjen fan Fryslân as earste Fair Trade-provinsje en it bestriden fan diskrimimaasje. Tûmba fersoarget in meldpunt foar diskriminaasje en komt op foar flechtlingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)