Otters wiis mei nije otterpassaazje by Rotstergaast

12 mrt 2015 - 16:22
  • Otter

Spoaren toane oan dat otters gebrûk meitsje fan de nije passaazje ûnder de Gaastwei tusken Rotsterhaule en Rotstergaast. Dy passaazje waard twa wike lyn troch It Fryske Gea yn gebrûk naam om foar te kommen dat der noch mear otters deariden wurde. Foar de otterpassaazje is gebrûk makke fan in âlde ôfwetteringsbuis fan it wetterskip dy't net mear brûkt waard.

It Fryske Gea is ferrast dat de otters de passaazje no al brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)