Otters útsetten yn natoergebiet

28 jun 2006 - 10:51

Deputearre Andriesen hat moandei fjouwer nije otters útsetten yn it natoergebiet De Rottige Meente. Dat is op de grins fan Fryslân en Oerisel. It giet yn alle gefallen om wyfkes fan sa'n 4 1/2 kilo.

It is de bedoeling dat dizze wyfkes har soartgenoaten fan it manlike geslacht tsjinkomme, dy't earder yn de De Weerribben en De Mieden frijlitten binne. Jierren lyn binne de otters útstoarn yn it gebied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)