Otters 'op 'e rin'

28 nov 2002 - 00:00

Fjouwer fan de fiif wyfke-otters dy't in moanne lyn yn de Weerribben útset waarden, binne fuort. In pear fan har binne nei Fryslân swommen. Dat is ûntdutsen troch wittenskippers fan Alterra dy't de bisten folgje.

Fan de groep dy't lêsten yn it natuergebiet by Stienwyk útset is, binne de trije mantsje-otters wol bleaun. Der swimme ûnderwilens sa'n fyftjin bisten yn Nederlân nei't it weryntroduksjeprogram begûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)