Otterprojekt moat trochgean

14 maaie 2003 - 00:00

Fan de fyftjin útsette otters yn De Weerribben wurde sân bisten noch folge. Fiif binne net te finen en trije binne dea. Op de ledegearkomste fan it Fryske Gea spruts foarsitter Hosper him tiisdei dochs út foar it trochsetten fan it projekt.

Ek De Jongh fan Otterstasjon Nederlân fynt dat it te betiid is om op te hâlden. Om wittenskiplik ferantwurde risseltaten te sammeljen moatte op syn minst fjirtich otters útset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)