Otterpassaazje by natuergebiet by De Feanhoop is iepene

12 nov 2014 - 16:50
  • Otter

De spesjale passaazje foar otters ûnder de Kraenlânswei by De Feanhoop is woansdei iepene. De otterpassaazje is in ferbining tusken natuergebiet de Kraanlannen en de Alde Feanen en moat foarkomme dat otters deariden wurde.

It Fryske Gea hat de passaazje oanlein en hopet dat dykbehearders har foarbyld folgje. It liket derop dat dat wol barre sil, want in wike lyn besleat it gerjochtshôf yn Den Haach dat de oerheid ferantwurdlik is foar feilige oerstekplakken foar otters. Binnen in jier moatte 79 knyppunten oanpakt wurde.

De passaazje bestiet út in pear stekken dy't foarkomme moatte dat de otters de dyk oerstekke. Der binne no sa'n 100 otters yn Nederlân, mar elk jier wurde 30 deariden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)