Otter yn Grutte Wielen op film

14 nov 2012 - 15:29
  • otter yn grutte wielen

Yn de Grutte Wielen by Ljouwert sit echt in otter. Ottersaakkundige Addy de Jongh makke mei in saneamde trap-cam in koart filmke. De otter is earder al sjoen troch in automobilist en meiwurkers fan de stichting Otterstasjon ha stront fan it bist fûn. It bewiis is dus no ek op byld. It is foar it earst sûnt de jierren santich dat der wer in otter yn de Grutte Wielen libbet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)