'Otter stjert oer 5 jier út'

21 mrt 2012 - 19:21

Noch mar tsien jier nei de weryntroduksje driget de otter alwer út te stjerren yn Nederlân. Dat komt troch yntylt, mar ek troch it grutte oantal otters dat deariden wurdt. Fierder komme der noch tefolle otters yn de fûken fan fiskers, omdat dy net oanpast binne. Dat skriuwe it otterstasjon yn Ljouwert en de stifting Das & Boom yn in brief oan steatsiktaris Bleker.

Op dit stuit binne der ûngefear 60 otters yn Nederlân, mar dat soene der wol 500 wêze moatte om in sûne populaasje te krijen.

Oarspronklik soene belangrike natuergebieten yn 2018 meielkoar ferbûn wêze, mar de steatsiktaris hat dat op de lange baan skood. De briefskriuwers tinke dat de otter dêr de dupe fan wurdt.

Neffens Addy de Jongh fan it otterstasjon yn Ljouwert moat der yn Fryslân gau in twadde kearngebiet foar de otter bykomme. No wurdt fral by de Linde en de Rottige Meente ekstra omtinken oan de otter jûn, mar dat is te min, fynt hy. Fierder moatte der nije mantsjes útsetten wurde, om de yntylt tsjin te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)