Otter sjoen yn Fochtelerfean

14 nov 2014 - 10:51

Der is foar it earst in otter sinjalearre yn natoergebiet it Fochtelerfean by De Fochtel. Dat lit behearder Natuurmonumenten witte. It gebiet sels is net sa hiel gaadlik foar it bist omdat der net genôch fretten is, mar dat jildt net foar de omjouwing fan it heechfean.

Hiel lang lyn sieten der wol otters yn de Kompagnonsbosken. Nei alle gedachten is de otter troch de Tsjonger yn it Fochtelerfean bedarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)