Otter hat hege ferwachtings fan Sjinkie Knegt

12 mrt 2015 - 11:06
  • Sjinkie Knegt

Neffens bûnscoach Jeroen Otter kin Sjinkie Knegt wrâldkampioen shorttrack wurde. Dit wykein binne de wrâldkampioenskippen yn Moskou. Otter seit ek dat der mear kapers op de kust binne. Mear as op it Europeesk kampioenskip, dêr't Sjinkie goud helle en de Rus Viktor Ahn fersloech.

Knegt moat rekkening hâlde mei de Koreanen, in Sinees en in Kanadees. Freed begjint it toernoai yn Rúslân mei de foarronden. Sneon binne de finales fan de 500 en 1500 meter. Snein de 1000 meter, de superfinales en de relay-finales.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)