Otter Grutte Wielen útstoarn

16 sep 2014 - 15:18
  • Deade otter (argyffoto)

De otter liket sa goed as útstoarn yn de Grutte Wielen. Dat lit Addy de Jongh fan it otterstasjon witte. Tiisdeitemoarn waard der in deade otter fûn op de dyk tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Earder wiene der ek al twa deade otters fûn op de N361 by Ryptsjerk.

Der wiene al net folle otters mear, sa die blyken út kamerabylden en troch dizze fynsten liket 't derop dat der gjin otters mear binne yn de Grutte Wielen. De bisten sitte noch wol yn de Alde Feanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)