'Otter' Eastermar is in fret

22 apr 2008 - 11:16
  • Dit bist is neffens de saakkundigen gjin otter mar in wyldkleur fret

De 'otter' dy't sneontejûn op in kamping by Eastermar sjoen is, soe wolris in fret wêze kinne. Neffens muskusrattebestrider Jan Dijksma wie it bist nei alle gedachten siik.

Noch nea binne otters sjoen yn de omjouwing fan Eastermar. Neffens Addy de Jongh fan Otterstation Nederland passe it nuete gedrach en de bleke kleuren ek better by in fret. Otters binne de ôfrûne jierren útset yn de Weerribben en de Rottige Meenthe by Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)