Otter deariden by Makkingea

12 des 2014 - 12:30
  • De deade otter fan Makkingea

By Makkingea is tongersdei in otter deariden. It bist is nei Auke Kuiper brocht fan Natoer-Edukaasjesintrum en Otteropfang de Reitnymf yn Munnikebuorren. It giet om in jong mantsje fan 6,5 kilo. It liket der op dat der dit jier no al mear as 20 otters deariden binne yn Fryslân.

In lanlike koälysje fan natoerorganisaasjes besiket op it stuit minsken en ynstânsjes sa fier te krijen dat der maatregels nommen wurde om it deariden fan otters foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)