Otter as ambassadeur lânskip

19 sep 2012 - 15:15
  • Otter

De otter moat ambassadeur fan it Fryske lânskip wurde, want as it goed giet mei de otter, giet it ek goed mei de omjouwing fan de minsken. Dat is ien fan de oanbefellings fan Atelier Fryslân, de organisaasje dy't advys jout oer de romtlike oardering yn Fryslân.

Neffens Atelier Fryslân is it hiel goed mooglik om in lânskip sa yn te rjochtsen dat sawol de otter as de minsken der fan profitearje. De otters ha it dreech troch yntylt en knipepunten op de rûtes dêr't se del komme. Der wurde hieltyd mear otters deariden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)