Otigba logyske ferfanger Van Aken; fierder eltsenien fit

30 maaie 2015 - 12:49
  • Kenneth Otigba

Troch de hamstringblessure fan Joost van Aken, spilet Kenneth Otigba snein yn de wedstriid tsjin Vitesse yn de basis. Van Aken foel tongersdei blesseard út. Doe waard de sintrale ferdediger ek al ferfongen troch Otigba.

Op de al langer blessearden Jordy Buijs en Doke Schmidt nei is fierder eltsenien fit. Coach Dwight Lodeweges is fol selsfertrouwen oer it heljen fan Europeesk fuotbal: "We hebben nog niet van Vitesse verloren en scoren altijd."

De wedstriid Vitesse-Hearrenfean wurdt snein fan 16.45 oere ôf live útstjoerd op Omrop Fryslân radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)