Osinga en dy winne yn Ljouwert

28 aug 2011 - 17:28

Maaike Osinga, Sjoukje Visser, Aukje van Kuiken binne snein winner wurden fan de frijeformaasjepartij yn Ljouwert. De finale waard mei 5-1 en 6-0 wûn fan Joukje Kuperus, Fenna Zeinstra en Margriet Bakker.

Yn it partoer fan opslagger Joukje Kuperus die Renske Terwisscha van Scheltinga net mei. Foar har keatste PC-keninginne Fenna Zeinstra. Yn Ljouwert stiene acht partoer op de list. De partij waard ferkeatst op it terrein Sonnenborgh fan LKC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)