Osi ''78 út de kompetysje helle

07 okt 2004 - 12:31

Fuotbalklup Osi '78 út Ljouwert is troch de KNVB út de kompetysje helle. It earste team hat him neffens de tuchtkommisje misdroegen yn de wedstriid tsjin AVV op Skylge, in pear wike ferlyn.

De skiedsrjochter hat dat duel destiids staakt omdat hy troch de spilers fan Osi molesteard waard. Neffens de tuchtkommisje fan de KNVB hat Osi al folle faker wedstriden bedoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)